
Sint Piterbingo
7 February • 19:30 - 22:30
It is wer tiid foar….. BINGO
Helje dien stimpelstift of (bingo)pinne út ‘e kast, trommel al dyn freonen, freondinnen of famylje op en kom gesellich del. Op sneontejûn 7 febrewaris iepenet Brouwerij Bjuster har doarren foar de Sint Piterbingo! It wurd wer in fantastyske jûn.
Ek dit jier binne der wer te gekke prizen dy’t jim fansels winne wolle. Mei tank oan de fantastyske donaasjes fan Grouster ûndernimmers en de ynbring fan ús eigen Grousters. Dit wolsto net missen!
De doarren gean iepen op sneon 7 febrewaris fanôf 19.00 oere, de bingo start om 19.30 oere.
Dit jier wer garandearre in plakje tanksij it online kaartferkeapsysteem! Troch de grutte belangstelling fynt de kaartferkeap foar tagong ta de bingo folslein online plak. Foar €10 per kaartsje krijst: tagong ta de bingo, it earste drankje en in bingokaart foar de earste ronde én tagong ta de Bjusterbaarlike Sint Piterjûn! Tink derom dat d’r mar in beheind oantal kaarten beskikber binne, dus wês fluch! Op = op en oan ‘e doar kinne gjin kaartsjes mear kocht wurde
De kaartferkeap begjint op 23 jannewaris om 20.00 oere fia sintpiter.nl/tickets