Alle woansdeis stelle wy oan ‘e hân fan in tal fragen ien fan ús mearke spilers oan jimme foar. Dit kear is Sietske Riemersma oan bar!
Sietske, hokker rol spilest yn it mearke?
Ik spylje Lavendel, in stoer famke dy’t bêste freondinnen wurd mei Mathilde. Tegearre mei Bram bokkepoat binne wy lid fan de AAB mei in B! Ja Ja, wat dat is?? Dan sille jo dochs echt nei it mearke komme moatte. 😉
Hoelang aktearrest al?
Ik bin yn Raerd opgroeid. Dêr waad elk winterskoft wol in toanielstik foar de jeugd opsetten. Elkenien woe dan graach meidwaan. Dat betsjutte ek wolris dat er tefolle spielers wienen, en dan waarden er sênes bij skreaun. Sa is’t wat begonnen! Dêrnei ha ik in oantal kearen yn Reduzum mei spile en ek ris in kearke yn Friens.
Wat fynst it leukste oan dyn rol yn Matilde?
Lavendel is echt in stoer famke, no ja dat tinkt se. It kontrast dat is erg leuk. En it spyljen mei syn allen as klasgenoaten is bytiden hylarysk, we ha in protte wille.
Hokker sin fynst it leukst om te sizzen ûnder it mearke en wêrom?
“Se sil it wol goed ha, mar ik tink net dat se wit wat se seit.”
Ta beslút: wolst noch wat sizze tsjin alle Sint Piterfans?
It Sint Piter feest, is een prachtich waarm feest , in soad wille!