Alle woansdeis stelle wy oan ‘e hân fan in tal fragen ien fan ús mearke spilers oan jimme foar. Dit kear is Sytske Jongsma oan bar!
Sytske, hokker rol spilest yn it mearke?
Ik spylje Matilde, in hiel tûk famke dy ‘t gek is op it lêzen fan boeken. De âlden fan Matilde fine har mar nuver en eins is se ek hielendal net winske yn ‘e húshâlding. Har heit bliuwt har mar “jonge” neamen en as Matilde ris tige lilk wurdt ûntdekt se dat se bysûndere krêften hat.
Hoelang aktearrest al?
Aktearje doch ik al fan de middelbere skoalle ôf. Ik ha der in soad wille oan om mei in groep minsken in moaie foarstelling del te setten. Ik mocht al yn meardere mearkes meispylje en bin út ‘e skroeven dat ik dit jier dizze prachtige rol spylje mei.
Wat fynst it leukste oan dyn rol yn Matilde?
Matilde is in tûk, leaf mar soms ek pittich wyfke mei hiele bysûndere krêften. It is hiel leuk om te besykjen al dy ferskillende kanten sjen te litten.
Hokker sin fynst it leukst om te sizzen ûnder it mearke?
“Lit him gean, do dikke bullebak!”
Ta beslút: wolst noch wat sizze tsjin alle Sint Piterfans?
It Sint Piter feest is in prachtige tradysje dêr ‘t jong en âld alle jierren wer fan genietet. Ik bin grutsk op ús doarp en dat wy dit feest mei inoar sa moai en bysûnder meitsje. Ik ❤️ Sint Piter