

Oankomst Sint Piter
8 February • 10:30
‘It is hjoed wer de moaiste sneon’
Nei in jier wachtsjen is it safier: op sneon 8 febrewaris komme Sint Piter en Aldemar wer nei Grou! Om 9:30 oere ferwachtsje wy de boat sjen te kinnen by it akwadukt fan Grou. Hy fart troch it kanaal, by Paviljoen Prikmar del nei it starteilân op de Pikmar. Sa hat elkenien genôch tiid om nei it sintrum te gean en him ek op de Kade wolkom te hjitten.
Om 10:30 oere leit de boat by de Kade fan Hotel Restaurant Oostergoo oan. Tegearre mei alle Grousters en âld-Grousters hjitte we Sint Piter en Aldemar fan herte wolkom op de kade. Hjir stappe se fan board om ús allegear te begroetsjen.
Nei de seremoanje stapt Sint Piter op syn hynder en rint elkenien mei him mei yn in optocht troch it sintrum!
De oankomst is ek dit jier wer live te sjen fia: de link is meikoarten beskikber.
Let op: foar de bern fan groep 1 oan’t en mei 4 is in spesjaal plak ynrjochte!
Bring him of har dan om 10:00 uur by de Hema. Fanôf hjir rinne wy om 10:10 mei alle bern oan it tou nei de Kade. As Sint Piter en Aldemar foet oan wâl setten ha, rinne sy mei de bern fia in spesjaal ôfsletten rûte nei it plein. Dêr krije de bern in plakje op ‘e banken foaroan by it poadium. Nei it programma op it plein bringe Sint Piter en Aldemar alle bern yn de optocht werom nei de Hema. Dêr kinne jim jim soan of dochter wer ophelje.