Loading Events

Hâldst derfan om lekker te klimme, springe, dûnsje en boartsjen? Dan wolsto Aldemar yn ‘e sporthal net misse!

Kinst hjir pakjes rûnbringe op it Aldemar parkoers, slingerje yn ‘e touwen of dy prachtich sminke litte. Mardo kinst ek moaie prizen winne troch goed te rieden. En wat tinkst fan disko? Lekker dyn fuotsjes fan de flier en swinge mar! It kin woansdei 7 febrewaris allegear.

Alle bern oan’t en mei groep 6 binne fan herte wolkom! Foar de pjutten is der in toffe pjuttershoeke. Wy begjinne om 14.00 oere, dus kom op tiid.

Belangryk:
– Kosten € 2,50 it bern. Jo kinne pinne of mei QR koade betelje. Kontant kin ek, mar dan wol graach past.
– Betrêdzje op eigen risiko, ferplichte ûnder begelieding fan âlder/ fersoarger
– Seal betrêdzje op gymskuon
– Der wurde foto’s makke. Dizze kinne brûkt wurde troch it Sint Piterkomitee. Ha jo beswier? Nim dan kontakt op mei: Aldemarindesporthal@sintpiter.nl

Wolle jo as frijwilliger helpe? Of hawwe jo fragen? Aldemarindesporthal@sintpiter.nl

Oant woansdei 7 febrewaris!