Loading Events

Alle jierren kinne de jongste bern yn de Sint Pitertsjerke op ‘Besite by Sint Piter’. In bysûndere moeting, dy ‘t op de oankomstdei fan Sint Piter organisearre wurdt.

Sint Piter en Aldemar hawwe op dizze middei alle tiid foar de alderlytsten o / m 3 jier. De bern kinne dan yn in ûntwongen sfear by Sint Piter en Aldemar wêze, se stikem oanreitsje of sels even op skoat sitte. It is altyd wer in spannend momint foar de bern en in moai fotomomint foar de âlden.

De bern (mei harren âlden / begelieders) binne op 10 febrewaris fan herte wolkom fan 16.00 o / m 17:30 oere yn de Sint Pitertsjerke.