UVV ôfdieling Grou organisearret op woansdei 20 febrewaris in gesellige Sint Pitermiddei foar (âld) Grousters fan 65 jier en âlder. De ôfwikseljende middei wurdt holden yn Hotel Restaurant Oostergoo fan 14.30 oant 16.30 oere.
De seal giet iepen om 14.00 oere. De tagong is fergees. Graach wol efkes oanmelde foar 14 febrewaris. Stjoer in mail nei uvv.grou@gmail.com of belje (0566) 622180 / 601515.

It UVV hopet op in moaie opkomst.