Loading Events

Op Keapsneon (sneon 17 febrewaris) kinst meidwaan oan de Sint Piterstrúntocht. In moaie strúntocht troch Grou dy ‘t jim tegearre mei jim freonen, famylje of gesin dwaan kinne. Tidens dizze reis kinne jim allegear aardige Sint Piter-spultsjes boartsje en mei elkoar puzels oplosse. Dizze strúntocht kinst rinne fanóf 10:00 oere, om 17:00 oere romje we de spultsjes wer op.

De rûte sels kinst ophelje by de Sint Pitersjop (yn de Regiobank). Tip: nim sels in pinne of potlead mei!

Ast de hiele strúntocht dien hast, kinst it ynfolde strúntochtformulier ek wer by de Sint Pitersjop ynleverje. Dan makkest kâns op in aardige priis!

Folle strúnwille!