Skiednis

NIJE LIETEN FOAR IN IUWENALD FEEST

Hoe kinne we yn in nij lietsjeboek oer Sint Piter dit feest en de skiednis dy’t derby heart better omskriuwe as oan de hân fan in liet? We pakke dêrom de Sint Piter-sang (’k Wit ien dei yn ’t jier) derby en nimme dy oan de hân dêrfan mei yn dit unike Grouster feest. Dat fiert yn 2023 syn 120-jierrich bestean. Der binne âldere berjochten bekend, mar fan 1903 ôf is it karakter fan it feest foar it grutste part net mear feroare.

’k Wit ien dei yn’t jier

Op 21 febrewaris fiert Grou de jierdei fan Sint Piter. De datum hat alles te krijen mei Petrus, de beskermhillige fan de fiskers. Yn de fjirde iuw stelde de Katolike Tsjerke in tinkdei foar him yn. Dy falt op 22 febrewaris, mar wurdt nei kristlike tradysje de jûn dêrfoar (op de 21e dus) fierd. Grou wie in fiskersdoarp en fielde him dêrom ferbûn mei Petrus, nei wa’t ek de Sint Pitertsjerke yn it doarp neamd is. Syn tinkdei foel yn de tiid fan it jier dat fiskers nei de winter wer útfarre koenen. Dat fierde men net allinne yn Grou, mar yn hiel West-Europa. Fan de Noard-Fryske eilannen, wêrûnder Sylt en Föhr, is bekend dat dit grut fierd waard mei optochten, grutte strânfjurren en in soad drank. Noch hieltyd kenne se yn it Dútske Noard-Fryslân op 21 febrewaris it biikebrennen (beaken brânen). In folksfeest dêr’t grutte brânsteapels makke wurde, ferlykber mei de tradysje fan de peaskefjurren.

By guon Sint Piterfeesten gie it der flink om wei. Kronykskriuwers yn de achttjinde iuw melden: ‘Sint Pietersfeest, alles verinneweerd, freeslijk om te zien.’ Lokkigernôch giet it der yn it âldste Sint Piter-fers dat we fan Grou kenne wat freonliker oan ta. Johannes Hilarides (1648-1726) skreau it en hy stipte oan dat om 21 febrewaris hinne alles wer jong en nij wurdt. De maitiid komt deroan: ‘Dan grienet de wei, dan bakt mem stro, dan keallet de ko, dan leit de hin, dan hat de húsman it nei syn sin.’ Hy fertelt ek dat as ferdivedaasje oan balsmiten dien waard.

De Grouster dokter Eeltsje Halbertsma skreau yn 1837 oer it feest. Jongerein fan begoedige boargers gie by de huzen del mei ratteljende kettingen, bûnze op de doarren en struide mei pipernuten. Halbertsma ferhelle ek fan in figuer dy’t yn in jas behongen mei snobbersguod en boartersguod earme famyljes besocht.

Dy wint it sa fier, alteast nei it sin fan de measte bern

Voor de Grouster kinderen is het Sint Piterfeest een jaarlijks hoogtepunt. Daarmee begint het al wat op het Sinterklaasfeest te lijken. Natuurlijk genieten bij Sinterklaas ook de ouders mee van de opgetogenheid van hun kinderen, maar in Grou is het Sint Piterfeest voor de volwassenen zelf ook een hoogtepunt. De dag van aankomst is één grote reünie waarop vele oud-Grousters elkaar weer ontmoeten. In veel gezinnen is het op 21 februari pakjesavond en menig volwassene denkt terug aan de tijd dat hij of zij zelf als kind dit pakjesfeest mocht beleven.

De liedster fan de Nutsbewaarschool yn Grou, juffer (Riek) Jansen (1879-1969), stelde yn 1903 de bern folle mear sintraal by de fiering troch Sint Piter op skoalle ferskine te litten as in soarte fan Sinteklaas, mar dan mei wite mantel. In jier letter kaam de hillichman yn it iepenbier oan yn it doarp. Dat wie op Sint-Pitersdei om 12.30 oere, mei in optocht dêr’t Sint Piter sels yn meirûn. Fan 1908 ôf kaam er op it hynder. Jansen naam dat inisjatyf om’t se fûn dat de Grouster beukers tekoart kamen om’t yn it doarp hielendal gjin Sinteklaas fierd waard. De reden dêrfan is trouwens ûndúdlik. It Sint Piterkomitee skriuwt bygelyks yn it jubileumboek ’k Wit ien dei yn it jier, útkaam yn 2003, dat oer de ôfwezichheid fan it Sinteklaasfeest yn Grou in soad ferhalen rûngean.

Ien fan de belangrykste ûntwikkelingen fan de lêste tweintich jier is dat it Sint Piterfeest yn 2018 byskreaun is yn de Inventaris Immaterieel Erfgoed Nederland. Dy list befettet libben erfgoed dat fan generaasje op generaasje trochjûn wurdt. Wa’t op dy list stean wol, moat dêr sels in oanfraach en in boargingsplan foar yntsjinje mei dêryn oanjûn hoe’t de tradysje yn de takomst fuortbestean bliuwe kin. It Sint Piterkomitee wurke sûnt 2014 oan dizze oanfraach.

Werom nei de bern. Dêr begjint it allegear mei en dêrom spylje de skoallen yn Grou in belangrike rol by it Sint Piterfeest. Yn it Erfgoedzorgplan dat it Sint Piterkomitee yntsjinne om Immaterieel Cultureel Erfgoed te wurden, wurdt earlik oanjûn dat de belutsenheid fan de skoallen in punt fan soarch foar de takomst is. Letterlik stiet der: ‘De zorg omtrent de betrokkenheid van de scholen bij het feest. Leerkrachten van de scholen komen vaak van buiten het dorp en hebben minder binding met het Sint Piterfeest.’ Eartiids wie it foar de learkrêften in automatisme dat se har neist har baan ynsetten foar it Sint Piterfeest. Troch bygelyks op de sneon fan de oankomst har klasse te begelieden of troch as spiler mei te dwaan yn it Sint Pitermearke. No’t hast alle learkrêften fan bûten Grou komme, is dat net mear fol te hâlden. Letterlik stiet der: ‘De zorg omtrent de betrokkenheid van de scholen bij het feest. Leerkrachten van de scholen komen vaak van buiten het dorp en hebben minder binding met het Sint Piterfeest.’ Eartiids wie it foar de learkrêften in automatisme dat se har neist har baan ynsetten foar it Sint Piterfeest. Troch bygelyks op de sneon fan de oankomst har klasse te begelieden of troch as spiler mei te dwaan yn it Sint Pitermearke. No’t hast alle learkrêften fan bûten Grou komme, is dat net mear fol te hâlden.

Lokkigernôch is de grutte mearderheid fan de ynwenners fan Grou oertsjûge fan de tradysje. Studinten dienen dêr koartlyn ûndersyk nei mei in enkête ûnder de bewenners. 80 prosint joech oan posityf tsjinoer it feest te stean. Se priizgje de ienheid dy’t se dan fiele en alles wat by Sint Piter organisearre wurdt.

Fan snein en fan sneon

Begûn it feest oait mei de tinkdei fan Petrus en beheinde it him ta dy dei, yn de rin fan de jierren wreide de tradysje him hieltyd mear út. De ympuls dêrfoar kaam fan dokter Schouwstra. Hy seach yn dat der mear organisearre wurde moast as inkeld dy iene dei. De skoalmasters Bareld de Vries, Homme Fopma en Meeuwis Hoekstra gienen yn 1976 yn petear mei ferskate ferieningen en ynstellingen om te praten oer in bredere opset.

Mei noch hieltyd 21 febrewaris as belangrike dei, om’t Sint Piter dan by de skoallen delgiet. Dêrneist ûntstie de stevige tradysje om fan de sneon foar 21 febrewaris de fêste dei fan oankomst te meitsjen. Mocht dy yn de foarjiersfakânsje falle, dan is de oankomst sels noch in sneon earder. Oars hinget it der gewoan fan ôf hoefolle dagen der sitte tusken de sneon foarôfgeand oan Sint Piter en 21 febrewaris. Al dy dagen is Grou yn de ban fan Sint Piter. Mankelyk swaaie de doarpslju him alle jierren op 21 febrewaris wer út.

Wat bart der dan allegear yn it doarp? De oankomst is in grutte happening wêrby’t de Grousters de flagge úthingje en winkeleigeners har etalaazjes sfearfol oanklaaie. Yn dyselde winkels stean skuon fan bern, dy’t se earder brocht hawwe en dy’t se letter mei in kadootsje deryn wer ophelje meie. In soad âld-Grousters komme werom nei it doarp om derby wêze te kinnen. Foar har en de folwoeksen Grousters wurdt nei de oankomst de Strûs-Yn organisearre. Sint Piter sjocht ek altyd eefkes by dizze reüny.

Foarôfgeand oan de oankomst organisearje de Sint Piter Froulju de Sint Piterbeurs. In seal fol spultsjes, lekkers, produkten en aktiviteiten yn Hotel Oostergo om jild yn te sammeljen om it feest te bekostigjen. Foar in part giet har opbringst nei It Mearke, wer sa’n fêste tradysje. Alle jierren wurdt in mearke opfierd. Fan de dei fan oankomst ôf wurdt dat toanielstik sa’n seis kear jûns opfierd foar folwoeksenen en oerdeis noch wol fjouwer kear foar alle groepen fan de basisskoallen.

Wie it earder gebrûklik dat de learkrêften fan dizze skoallen en de middelbere skoalle de rollen yn it toanielstik op har namen, no wurdt nij talint oanboarre en binne de measte akteurs frijwilligers fan bûten de skoallen, hoewol’t noch wol altyd in tal learkrêften meispilet. Hoopfol is dat fakatueres fan it mearke, oft it no om spilers, dekôrbou of technyk giet, hast altyd binnen 24 oeren ynfolle binne. Nije oanwaaks fine foar de Sint Piter Froulju blykt ek gjin probleem. De ploech fernijt him hieltyd en komt mei frisse ideeën, lykas de yntroduksje fan in suksesfolle bingo.

Oare belangrike ûnderdielen fan de feestwike binne in sportyf programma yn de sporthal foar bern, in tsjerketsjinst op snein yn de Sint Pitertsjerke wêrby’t Sint Piter acte de présence jout, en de winkeliepening op snein. Sint Piter giet wat dat oanbelanget mei de tiid mei. Okkerdeis is merchandising ta stân kaam. Yn de spesjale Sint Pitersjop by it VVV/Informatiepunt Grou binne produkten te krijen as Sint Pitertee, muorresirkels, slingers, sweaters en wynglêzen. Yn plak fan de skreaune brief yn de pleatslike krante der’t Sint Piter syn komst altyd mei oankundige, is der no al in pear jier it Sint Pitersjoernaal. Troch mei elkoar op skoalle nei dat spannende ferhaal te sjen, wurde de bern waarm makke foar it feest.

In nij inisjatyf om nije ynwenners fan Grou by it feest te belûken, is de promoasjejûn. Op dizze jûn wurdt it nedige ferteld oer de skiednis fan it feest, oer it Sint Piterprogramma en der is in foarpriuwke fan it mearke.

Want dan komt in freon

Oer in hiel belangryk aspekt fan it Sint Piterfeest hawwe we it noch net hân, nammentlik de freon, de fêste maat fan Sint Piter. Sûnt jier en dei hie Sint Piter altyd ien Swarte Pyt. Dêryn wykt de Grouster tradysje ôf fan Sinteklaas, dy’t oer in hiel leger Piten beskikt. En de mantel fan Sint Piter is wyt, wylst dy fan Sinteklaas read is, en syn hynder is swart. Dus gjin wite skimmel lykas by Sinteklaas.

De grutste feroaring fan de lêste tweintich jier is wol dat Grou net ûntkaam oan de lanlike diskusje oer Swarte Pyt. De Grouster Swarte Pyt wie ek echt roetswart. Logysk, as ien út it doarp sels dy rol op him nimt en net werkend wurde wol.

Lanlik spile it nedige by de ynternasjonale beweging tsjin rasisme, Black Lives Matter. Der wienen demonstraasjes en ek yn ús provinsje en ús gemeente wienen skoallen en wethâlders fan miening dat Swarte Pyt net mear koe. By it Sint Piterfeest waard fan 2016 oant 2019 trije kear demonstrearre.

Dat soarge derfoar dat it feest troch ien aspekt ûnder druk kaam te stean, wylst it feest folle grutter is as allinne Swarte Pyt. Lanlike inisjativen, lykas it yntrodusearjen fan reinbôge- of roetfeechpiten, blieken foar Grou net helber te wêzen. De iene Pyt dy’t dizze rol ferfollet, soe dêrtroch te werkenber wurde. Mei’t de tradysje yn de rin fan de jierren wol faker feroaringen ûndergie as gefolch fan maatskiplike ûntwikkelingen, besleat it Sint Piterkomitee dat yn 2020 ek yn dit gefal te dwaan.

De kar foel op in ‘eigen’ Grouster figuer, in natuerminske út de Alde Feanen mei de namme Aldemar. Hy wennet yn in beamhutte yn De Alde Feanen, draacht in hege hoed mei laskbril en is o sa ree om Sint Piter te helpen. Yn de koroanajierren 2020 en 2021 wie er foar it earst te sjen. De Grousters waarden mei in aansichtkaart persoanlik op de hichte steld: ‘Hoi allegear, ik gean op in aventoerlike wrâldreis en ik ha der in hiel soad sin oan!’ Koartsein: Swarte Pyt is op wrâldreis, wolkom de nije freon Aldemar! Hy is, neist it 120-jierrich bestean, ek in bytsje de oanlieding foar dizze nije lietebondel fan it Sint Piterkomitee. Der binne nije nûmers yn opnaam dy’t spesjaal skreaun binne foar Aldemar en Sint Piter.

Mei lekkers hast mear as hy drage kin

Dêryn is neat feroare. Ek Aldemar struit mei pipernuten en set dêrmei de Grouster tradysje fuort. It is de belofte oan it Immaterieel Erfgoed Nederland: it Sint Piterfeest bliuwt altyd bestean, mar is wol ree him oan te passen.

Maria Del Grosso

(Boarne: ferskate útjeften fan it Sint Piterkomitee, mûnlinge ynformaasje fan Peter van den Broek (foarsitter Sint Piterkomitee) en Bauke Hooghiemster, Geert Tichelaar en Bonne Bruinsma dy’t har jierrenlang op ferskate mêden ynset hawwe foar it Sint Piterfeest)