In skinking dwaan of in erfskip neilitte oan it Sint Piterkomitee.

Wisten jo dat de “Stifting Sint Piterkomitee” mei yngong fan 1 jannewaris 2019 in ANBI en Kulturele ANBI status hat? ANBI betsjut “Algemeen Nut Beogende Instelling”. By in skinking of by ûntfangst fan in erfskip kin dat sawol foar de skinker as de ûntfanger belestingfoardielen opsmite. In ANBI-ynstelling betellet bygelyks gjin erfbelesting of skinkingsbelesting. Ek meie stipers fan in ANBI-ynstelling harren skinkingen ôflûke fan de ynkomste- of fennoatskipsbelesting.

Mochten jo ynteresse hawwe om in skinking te dwaan of in erfskip nei te litten, dan is it ferstannich om earst fia de belestingtsjinst of de notaris ynformaasje yn te winnen oan hokker betingsten jo skinking of neilittenskip foldwaan moat. Jo kinne fansels ek altyd earst even kontakt opnimme mei it Sint Piterkomitee: info@sintpiter.nl

RSIN nûmer: 815666160
IBAN-nûmer: NL64RABO0356216853
Kvk: 01091442
www.sintpiter.nl
info@sintpiter.nl