In wike foar de premjêre binne hast alle stuollen beset. Allinnich foar de premjêre 10 febrewaris, tiisdeitejûn 13 febrewaris en woansdeitejûn 14 febrewaris binne noch in oantal kaarten beskikber.

Ek de famyljefoarstelling op woansdeitemiddei is folslein útferkocht. Alle learlingen út de 1e klasse fan de OSG Sevenwolden út Grou komme dan te sjen nei de foarstelling.

Dus wolst ek graach dizze prachtige foarstelling besjen? Bestel dan gau dyn tickets fia: sintpiter.nl/tickets Fol = fol!!