Der is massaal op it Sint Piterfeest stimd fia Rabo ClubSupport. Dat hat ús in totaalbedrach fan € 1.505,31 opsmiten. In prachtich bedrach dat wy brûke sille foar in nij (foar)lêsboek oer Sint Piter. Tige tank Rabobank!

Mar… wat sjogge we dêr op ‘e foto? Hat Aldemar syn skoech set by de Rabobank? It is noch gjin febrewaris, dus hy is noch wol in bytsje betiid! Dat stie yn in post op sosjale media. De moaiste/leukste post kin € 250,- ekstra fertsjinje fia #RaboClubSupportFRL. Dit bedrach lûke se 4 kear yn ús provinsje.

Wat tinksto? Sil de skuon fan Aldemar troch de Rabobank fult wurde?