Oan de hân fan in tal fragen leare we de skriuwers en yllustratoaren fan It grutte Sint Piter ferhaleboek better kennen. Dit kear is Vera Damhuis oan bar.

Vera, hoelang skriuw en yllustrearje dy al (berne)ferhalen?
Yllustrearje / tekenje doch ik al salang ‘t ik in potlead fêsthâlde kin. Mei it yn opdracht yllustrearjen begûn ik ea mei it ‘ Swarte Pyt kin fleane ’ ferhaleboekje, ea -1985 ?– útjûn troch it Sint Piter Committee. Ik tekene alles mei swarte fineliner, noch altyd hearlik tekenmateriaal. No kombinearje ik yllustraasjes mei eigen fotomateriaal: yn de miks ûntstean as myn ‘ yllu-kollaazjes ‘. Ik yllustrearje in soad edukatyf materiaal foar myn wurk as museumeducator en dêrneist yn opdracht as freelancer. Skriuwe, dichtsje, boartsje mei taal, al of net foar bern, ek dat doch ik al hiel lang. Sûnt koart begjint dat hieltyd better foarm te krijen en smakket dat nei mear!

Wat is dyn bân mei it Sint Piterfeest?
Ik was leerkracht onderbouw aan de obs ‘De twa Fisken’. In de strenge winter van 1985 kon de arrenslee van stal om St. Piter te verwelkomen. Dat was toen een belevenis! Verder ben je als leerkracht dan natuurlijk altijd betrokken omdat het een feest is wat in Grou met volle overgave gevierd wordt. Ik ben niet in Grou opgegroeid maar wel met de rituelen rond Sinterklaas, ik hield ervan. Het dichten, de spanning, voor elkaar iets maken, dat. Nu wordt ik heel blij van onze prachtige Aldemar als compagnon van St.Piter. Een fantastische invulling die op wat voor manier dan ook landelijk navolging vraagt.

Hoe hjit it ferhaal datst skreaun en yllustrearre hast?
Yn it boek skreau ik 2 ferhalen. Foar de jongsten ‘Wa hat de kâldste noas?’ en foar de âldere bern ‘De Ferlerne Ferhalen fan de Âlde Feanen’. Yn it earste ferhaal sit Aldemar wat te somberjen, hy hat syn dei net echt. Sint Piter wit wol ried en moedige him oan om mei de sneuptocht fan Spelletjesschaap mei te dwaan. Dêr knapt er fan op! Yn it twadde ferhaal is Sint Piter mei in ‘writersblock’. Wat moatte je ek betinke nei jierren gedichten en ferhaaltsjes notearje foar en oer de Grouster bern? No is it Aldemar dy ‘t foar de nedige advizen soarget. Tegearre einigje se yn de ynspirearjend wrâld fan Wifi mei de Blauwe Mouwen. Sint Piter is wer hielendal reset!

Hokker sin fynst it leukst yn dyn ferhaal?
Ferhaal 1: ‘Tink mar, sûnder dy misse se wat!’
Ferhaal 2: ‘Minsken, dieren, boerekoal, alles fergiet, útsein as it op papier stiet’.

Wat is dyn favorite tekening yn it boek?
Ferhaal 1: It hûs fan Spelletjesschaap achter de Sint Pitertsjerke
Ferhaal 2: It nachtlike fartochtsje fan Sint Piter en Aldemar

Hokker figuer wie it dreechst om te yllustrearjen?
Eins is gjin inkeld figuerke út myn ferhaal ‘dreech’, omdat wat je tekenje altyd goed is sa ‘t it is. En in soad dwan fansels, dat helpt!

De earste alinea fan it ferhaal: Wa hat de kâldste noas?
Aldemar sit op in fiskkrukje oan de kade yn Grou. Ast fiskest, moatst geduld hawwe, en dat hat er… De fisken dogge in spultsje mei it stikje taaipop oan de heak. Se bite krekt net, se sjogge wol út, dy fisken.
De kâlde wyn fluitet in lietsje yn de mêst fan in sylboat foar de kade. Aldemar makket syn sjaal wat better fêst.’

De earste alinea fan it ferhaal: De Ferlerne Ferhalen fan de Âlde Feanen
It is ein febrewaris en alwer in winter fan neat. Mei sorbetiis en gau wiete sokke- snie. De kâlde dize krûpt sa dyn jas fan alle kanten binnen. Toeterjende guozzen fleane oer, sjochst se allinne net. Kâlde drippen tikje hjir en dêr op de steiger fan de Grouster Kade.

Ta beslút, wolst ús Sint Piterfans noch wat meijaan?
Bliuw fan! Beweech mei de tiid mei! Dan wurdt en bliuwt it in feest wêrby ‘t elk him thúsfielt.