Efter de skermen is de organisaasje fan de Sint Piterbeurs alwer yn folle gong. En om in suksesfolle Sint Piterbeurs te organisearjen hawwe de Sint Piterfroulju dyn help hurd nedich! Wy binne op syk nei spul wêr wy aardige pakketjes fan meitsjen kinne foar it Draaiend Rad.

Hawwe jo ûnbrûkt boartersguod, kleurboeken, potleaden, in pakje kofje, tee, frisdrank, nuten of in bon dy’t lizzen bliuwt? De Sint Piterfroulju kinne dizze spullen ôfgryslik goed brûke om prizenpakketten fan mei-inoar te stellen. Tink derom: wy kinne gjin alcoholische drank oannimme.

Jo soene ús enoarm helpe troch jo kast of krystkado te kontrolearjen op items dy’t jo net brûke! Poiesz-segels, folsleine sparkaarten of de reade Andreanum-bonnen binne ek tige wolkom.

ynleverje Dit kin by:

  • Kinderopvang Friesland Jongema bij Sjirkje Giliam, Jongema 2, 9001 LA Grou (iepen mo o/m fr fan 7.30 oere oant 18.15 oere)
  • RegioBank Grou, Parkstraat 7, 9001 AS Grou (iepen mo o/m fr fan 8.30 oere oant 12.30 oere)
  • Janneke Terpstra-Wolters, De Karper 5, tel. 06-17846624

Hawwe jo fragen of wolle jo dat de spullen ophelle wurde, skilje dan mei Janneke Terpstra-Wolters.