Fan freed 19 febrewaris ôf geane ús ‘listrinners’ wer op paad!

De ‘listrinners’ komme by jo del om in bydrage te freegjen foar it Sint Piterfeest. Mei jo bydrage kinne wy ek dit jier dizze unike tradysje yn stân hâlde.

Se freegje jo oft jo stiper wurde wolle of om in bydrage fia de kollektebus of QR-koade. Dêrneist krije jo it nije programmaboekje útrikt dêr ‘t alle ynformaasje oer it feest yn stean.

Binne jo net thús? Dan krije jo it programmaboekje én de stiperkaart yn jo brievebus!