Alle woansdeis stelle wy oan ‘e hân fan in tal fragen ien fan ús mearke spilers oan jimme foar. Nei Ties is no syn heit Fons van Steen oan bar!

Fons, hokker rol spilest yn it mearke?
Ik spylje de heit, Harry Wjirmhout. Dizze man fynt himsels fantastysk en de alderbêste! Hy hat neat mei boeken en lêst hielendal net. Mar sjocht foaral telefyzje en yt út de airfryer. Hy is eigner fan in louche autobedriuw dêr ‘t er auto’s ferkeapet dy ‘t net de goede kilometerstannen op de teller stean hawwe.

Hoelang aktearrest al?
Yn 2013 bin ik frege foar myn earste mearke, dat wie Kening Wammes. Dit mearke spilen wy mar mei 4 persoanen. In feestje om te dwaan mei minsken dy ‘t ik noch altyd in waarm hert ta draach. Dêrnei folgen der noch 4: De skat fan Biddelgat, De winterkeninginne, Heksen en Firolien.

Wat fynst it leukste oan dyn rol yn Matilde?
In rol as dizze haw ik noch net earder spile. It giet echt oer de top wurden!

Hokker sin fynst it leukst om te sizzen ûnder it mearke en wêrom?
“Dokter, wer is syn dinkje?” Ik wol as heit Wjirmhout graach in soan, mar ja…

Ta beslút: wolst noch wat sizze tsjin alle Sint Piterfans?
It wurdt wer in prachtige foarstelling dus kom allegear!