Loading Events

It is wer tiid foar….. BINGO
Helje dyn stimpelstift of (bingo)pinne út ‘e kast, trommel al dyn freonen, freondinnen of famylje op en kom gesellich del. En dit jier yn in spiksplinter neije lokaasje nammentlik Brouwerij Bjuster! It wurd wer in spetterjende jûn.

Ek dit jier binne der wer te gekke prizen dy’t jim fansels winne wolle. Mei tank oan de fantastyske donaasjes fan Grouster ûndernimmers en de ynbring fan ús eigen Grousters. Dit wolst net misse!

De doarren gean iepen op sneon 1 febrewaris fanôf 19.30 oere, de bingo start om 20.00 oere.

Dit jier wer garandearre in plakje tanksij it online kaartferkeapsysteem! Troch de grutte belangstelling fynt de kaartferkeap foar tagong oant de bingo folslein online plak. Foar € 10,- per kaartsje krijst: tagong ta de bingo, it earste drankje en in bingokaart foar de earst ronde! Tink derom dat der mar beheind kaartsjes beskikber binne, dus wês der gau by! Op = op en oan ‘e doar kinne gjin kaartsjes mear kocht wurde

De kaartferkeap start op 17 jannewaris om 20:00 oere fia sintpiter.nl/tickets