Loading Events

It Sint Piterseizoen set offisjeel útein mei it Foarpriuwke. It Foarpriuwke is in jûn fol werkenning foar alle Sint Piterfans.

De mearke spilers spylje in preview fan it Sint Pitermearke Matilde, de Sint Piterfroulju draaie wer foar it earst dit jier oan it wolbekende draaiend rad.

Ek wurdt dit jier it nije Sint Piter ferhaleboek presintearre. Alle skriuwers en yllustratoaren binne oanwêzich.

Kom dus gesellich del en proast mei ús op it nije Sint Piterseizoen! Jo binne fan herte wolkom fanôf 19.45 oere. De jûn begjint om 20.00 oere.