Sint Piterbeurs
31 January • 09:30 - 17:00
In tradysje dy’t al hast 80 jier bestiet.
En dit jier yn in spiksplinter neije lokaasje nammentlik Brouwerij Bjuster! It belooft as fan âlds in gesellige dei foar jong en âld te wurden. Der is wer fan alles te dwaan: Foar de bern is der in wier spultsje circuit (altyd priis), kinsto in moaie tattoo krije of in hip kleurd fearke yn dyn hier setten litte.
De bakkerstafel en ferkeaptafel binne fansels wer fan ‘e partij. Neist alle kreative dingen dy ‘t jo fan ús wend binne, binne der dit jier ek wer unike Sint Piterartikels te keap. Wês der dus fluch by, op = op!
Mar ferjit ek it draaiend rêd net, hjir kinst foar in lyts bedrach de moaiste prizen winne. Gean der mar lekker foar sitte yn ús ‘tee tún’ en bestel in hearlik stik selsmakke appeltaart mei in lekker kopke kofje of tee.
Iepeningstiden fan de Sint Piterbeurs binne fan 09:30 – 12:00 oere en fan 14:00 – 17:00 oere!
Opbringst beurs
De opbringst fan de beurs is wichtich foar it hiele Sint Piterfeest. Kom dêrom allegear!