Loading Events

‘It is hjoed wer de moaiste sneon’

Nei in jier wachtsjen is it safier: op sneon 10 febrewaris komme Sint Piter en Aldemar wer nei Grou! Om 9:30 oere ferwachtsje wy de boat sjen te kinnen by it akwadukt fan Grou. Hy fart troch it kanaal, by Paviljoen Prikmar del nei it starteilân op de Pikmar. Sa hat elkenien genôch tiid om nei it sintrum te gean en him ek op de Kade wolkom te hjitten.

Om 10:30 oere leit de boat by de Kade fan Hotel Restaurant Oostergoo oan. Tegearre mei alle Grousters en âld-Grousters hjitte we Sint Piter en Aldemar fan herte wolkom op de kade. Hjir stappe se fan board om ús allegear te begroetsjen.

Dernei stapt Sint Piter op it hynder en giet tegearre mei de bern nei it Halbertsma’s Plein. Yodi Vellinga sil tegearre mei boargemaster Sybrand Buma en berneboargemaster Levi Silvijn, in earste wurd ta Sint Piter en Aldemar rjochtsje. Mei-inoar sjonge wy in tal ferskes en krijt Sint Piter it nije ferhaleboek útrikt.

Nei de seremoanje stapt Sint Piter op syn hynder en rint elkenien mei him mei yn in optocht troch it sintrum!

Let op: foar de bern fan groep 1 oan’t en mei 4 is in spesjaal plak ynrjochte!

Om ‘t wy it belangryk fine dat alle bern de kâns krije om de oankomst fan Sint Piter goed te sjen wurdt der dit jier in spesjale tribune boud by Hotel Restaurant Oostergoo. Ek stean der wer banken op it Halbertsma’s plein sadat se foaroan sitte kinne.
Wol dyn bern mei?

Bring him of har dan om 9:45 oere by de Hema. Fanôf hjir rinne wy om 10:00 oere mei alle bern oan it tou nei de Kade. As Sint Piter en Aldemar foet oan wâl setten ha, rinne sy mei de bern fia in spesjale ôfsletten rûte nei it plein. Dêr krije de bern in plakje op ‘e banken foaroan by it poadium. Nei it programma op it plein bringe Sint Piter en Aldemar alle bern yn de optocht werom nei de Hema. Dêr kinne jim jim soan of dochter wer ophelje.

Wolst helpe mei it begelieden fan de bern? Meld dy dan oan fia info@sintpiter.nl.

Rûnrit troch Grou

Fanôf 14:00 oere sette Sint Piter en Aldemar ôf fan Hotel Restaurant Oostergoo ôf. Sûnt in oantal jierren is it in fêste tradysje. Sint Piter en Aldemar ride mei hynder-en-wein troch it doarp. Se swaaie fleurich nei elkenien en meitsje hjir en dêr in koart praatsje.
PS hingesto de flagge ek út op 10 febrewaris?