Oan de hân fan in tal fragen leare we de skriuwers en yllustratoaren fan It grutte Sint Piter ferhaleboek better kennen. Dit kear is Paul van Dijk oan bar.
Paul, hoelang skriuwst al (berne)ferhalen?
Ik skriuw en yllustrearje sûnt 2011 berneboeken. Lêsboeken foar de middenbou: ‘De Wûndertoeter fan Hindrik Bûter’, ‘Renske wol stoer wêze’, mar ek printeboeken lykas ‘Omke Ûle past op’. Foar folwoeksenen skriuw ik gedichten.
Wat is dyn bân mei it Sint Piterfeest?
Ik bin frege troch myn âldomke, Symon Odinga dy ‘t al hiel lang by it Sint Piterfeest belutsen is. Ik haw it Sint Piterfeest altyd hiel bysûnder fûn en fûn it in eare om in ferhaal foar dit prachtige feest te skriuwen.
Hoe hjit it ferhaal datst skreaun en yllustrearre hast?
‘Aldemar en de see-earn. Yn myn ferhaal helpt Aldemar in jonge see-earn dy ‘t út it nêst fallen is. Syn help wurdt him net yn tank ôfnommen troch de mem fan de see earn. Letter yn it ferhaal spilet de jonge see-earn in beslissende rol as Aldemar yn in drege situaasje bedarret.
Hokker sin fynst it leukst yn dyn ferhaal?
It bist jout him in koart knikje, makket in heech skril lûd en fljocht dan stadich fuort, de heldere stjerrenacht yn.
De earste alinea fan it ferhaal: Aldemar en de see-earn
Op it moaiste plakje fan de Alde Feanen stiet de beamhutte fan Aldemar. It is maitiid, mar bûten waait in hurde wyn. Aldemar sjocht ta it finster út. De loft is swart, hy sjocht inkeld it hinne en wer swaaien fan de beammen. Krekt as er him deljaan wol mie in boek, skrillet er op fan in ûngewoand lûd. Hy rint wer nei it kezyn en stekt de earen op. Wat heart er no dochs? It is it lûd fan in fûgel, tinkt er. En it klinkt as of it bist benaud is.