Oan de hân fan in tal fragen leare we de skriuwers en yllustratoaren fan It grutte Sint Piter ferhaleboek better kennen. Dit kear is Hendrika Vis- de Ruiter oan bar.

Hendrika, hoelang skriuwst al (berne)ferhalen?
Yn 2009 ha ik tegearre mei yllustrator Bernard Roorda it earste Siem en Sanne boek makke: Siem en Sanne sille fierljeppe. Dizze earste druk wie superfluch útferkocht fia it Frysk Ljeppers boun. Yn 2015 kaam der in twadde druk fan ‘Siem en Sanne sille fierljeppe’. Yn gearwurking mei de Grouster útjouwerij Louise. Yn 2016 brochten we ‘Siem en Sanne zien Sint Piter’ út. Alle beukers fan de basisskoallen krigen dit boek destiids.

Wat is dyn bân mei it Sint Piterfeest?
Sûnt ik yn Grou wenje bin ik GRUT Sint Piterfan. Kende fuort ek alle Sint Piterferskes út myn holle. By ús thús en mei ús bern is it allinne mar Sint Piter wat de klok slacht. Us fammen kenne ek net oars. Pakes en beppes komme altyd by ús Sint Piter fiere op 21 febrewaris. Ik bin sels jierdei yn desimber en fyn it heeeerlik dat we Sint Piter yn febrewaris fiere.

Hoe hjit it ferhaal datst skreaun hast?
Ik ha twa ferhalen skreaun foar It grutte Sint Piter ferhaleboek en wol ‘De hoed fan Aldemar’, in spannent aventoer fan Fimme en Frouke en harren hûntsje Sief yn de Alde Feanen foar de jongste bern, en ‘Firolien’ foar de wat âldere bern. Kensto de muorreskildering fan it famke Firolien en Sint Piter flakby Hotel Oostergoo op de Waachshaven? It ferhaal achter dizze muorreskildering fertel ik yn it ferhaal ‘Firolien’, basearre op it Sint Piter mearke Firolien fan 2019.

Hokker sin fynst it leukst yn dyn ferhaal?
Ferhaal 1:
‘Dat liket wol in hoed.
Dat liket wol dé hoed.
Dat liket wol dé hoed…fan Aldemar!’ roppe Fimm een Frouke út.

Ferhaal 2:
Spegel, hâldsto my in spegel foar?
Spegel, set my op it goeie spoar.

De earste alinea fan it ferhaal: De hoed fan Aldemar
It is febrewaris.
It is kâld bûten.
Fimme en Frouke litte harren hûntsje Sjef út.
Sjef wurd altyd sá bliid as se him útlitte yn’e Alde Feanen.
‘Hiel djip yn de Alde Feanen. Tusken wetter en natoer’, sjongt Frouke.
Fimme fluitet mei.
‘… en fart hy it wetter oer.’

De earste alinea fan it ferhaal: Firolien
Der wy ris…sa begjinne mearke meastal.

Lang lang lyn.
Yn in lân hjir fier, fier wei.
Libbe yn in moai paleis in prinses.
Har namme wie Firolien…

Ta beslút, wolst noch wat sizze tsjin alle Sint Piterfans?
It wie ècht tiid foar in nij Sint Piter ferhaleboek. Echt in must have foar alle bern, heiten, memmen, pakes, beppes en alle oare Sint Piterfans! Kompliminten foar de ‘ tinktank ‘ foar it ta stân kommen fan dit boek. Mar benammen Eddy van der Noord fan Uitgeverij Louise en Peter van den Broek fan it Sint Piterkomitee foar harren tomeleaze ynset om fan dit idee sa ‘n prachtich einresultaat te meitsjen!