Oan de hân fan in tal fragen leare we de skriuwers en yllustratoaren fan It grutte Sint Piter ferhaleboek better kennen. Dit kear is Lida Dykstra oan bar.

Lida, hoelang skriuwst al (berne)ferhalen?
Al lang…! Ik haw al mear as 100 berneboeken skreaun yn it Frysk en it Nederlânsk. Guon boeken binne sels oerset foar it bûtenlân. Ik skriuw foar alle leeftiden, fan printeboek oant boeken foar begjinnende lêzers op AVI-nivo’s. En fan lesmateriaal oant histoaryske jeugdromans.

Wat is dyn bân mei it Sint Piterfeest?
Ik bin frege om twa ferhalen foar it boek oan te leverjen. Fansels ha ik hjir daliks ‘ja’ op sein. Hoewol ‘t ik gjin Grouster bin, fyn ik it Sint Piterfeest prachtich! Faak helje ik ynspiraasje foar myn boeken út ferhalen út de Fryske skiednis. Ik ha bygelyks skreaun oer bekende persoanen as Grutte Pier, Marijke Muoi en Eise Eisinga. Mar ek oer dingen dy ‘t op de list mei ymmaterieel erfgoed stean lykas keatsen, skûtsjesilen of it ûleboerd. Om ‘t Sint Piter in bekend persoan is én it feest op dy erfgoedlist stiet bin ik ekstra bliid dat ik him en fansels syn geweldige help Aldemar no ek as ûnderwerp foar in ferhaal brûke mocht.

Hoe hjit it ferhaal datst skreaun en yllustrearre hast?
Ik ha twa ferhalen skreaun, myn 1e ferhaal is foar jonge bern en hjit ‘ In pyama foar Sint Piter ‘. Om ‘t Sint Piter syn pyjama fergetten is mei te nimmen giet Aldemar yn Grou op syk nei in nije pyama. Mar alle pyjama’s binne saai, wylst Sint Piter fan fleurige kleuren hâldt. Aldemar moetet yn de winkel Fenna út groep 3. Fenna wit wol ried: har mem is keunstner, miskien kin dy wol in nije pyama foar Sint Piter meitsje! It 2e ferhaal is foar wat âldere bern en hjit ‘ De kaai, de koer en de koekeloer ‘. Omdat Aldemar sa siik as in hûn is en gjin pakjes rûnbringe kin, bied syn jongere suske Lytsemar oan om syn taak oer te nimmen. Nei wat gemopper stimt Aldemar ta. Lytsemar krijt fan har broer trije geheime foarwerpen mei dy ‘t har taak makliker meitsje sille: ‘de kaai, de koer en de koekeloer’. Tegearre mei Sint Piter belibbet Lytsemar in wûndernacht yn it stille, tsjustere Grou

Hokker sin fynst it leukst yn dyn ferhaal?
Ferhaal 1: ‘Wêr moat ik no yn sliepe? Yn myn ûnderbroek, soms?’
Ferhaal 2: Sels bliuwt se noch efkes op it dak sitten om nei de lytse húskes ûnder har te sjen. Grou is yn djippe rêst. Der dûnsje noch altyd kleurige stofkes troch de swarte loft.

De earste alinea fan it ferhaal: In Pyama foar Sint Piter
‘Hoera, ik bin wer yn Grou!’ ropt Sint Piter.
‘En wat is myn sliepkeamer wer netsjes!’
Hy set syn stêf yn de hoeke. En ploft hearlik op it bêd del.
Aldemar komt efter him oan. Hy sjout de bagaazje.

De earste alinea fan it ferhaal: De kaai, de koer en de koekeloer
‘Aldemar, bist thús?’ ropt Lytsemar lûd. Se klimt tsjin de trep fan de beamhutte op. Yn har hân hat se in skaaltsje. De doar sit net op ‘t slot, dus se kin sa trochrinne. Midden yn de houten keamer ropt se nochris. Áldemar, wêr sist? Mem hat pipernuten bakt. Ik haw in skaaltsje by my!’

Ta beslút, wolst noch wat sizze tsjin alle Sint Piterfans?
Wat meie jim grutsk wêze op dizze moaie, unike tradysje fan Sint Piter en it Sint Piterfeest. En in grut komplimint dat jimme tegearre dit feest sa aktyf yn eare hâlde, én kreatyf meibewege mei de nije ûntwikkelingen. Al wenje ik al hast myn hiele libben yn Fryslân, ik ha noch noait it Sint Piterfeest meimakke. Dêr sil dit jier feroaring yn komme! Ik kin net wachtsje om Sint Piter en Aldemar mei eigen eagen te sjen no ‘t ik dizze ferhalen skreaun ha.