Oan de hân fan in tal fragen leare we de skriuwers en yllustratoaren fan It grutte Sint Piter ferhaleboek better kennen. Dit kear is Marijn van der Wateren oan bar.

Marijn, hoelang yllustrearrest al (berne)ferhalen?
Sûnt 2019 echt print – en berneboeken. Dêrfoar haw ik in soad lesmateriaal foar skoalboeken en spultsjes yllustrearre.

Wat is dyn bân mei it Sint Piterfeest?
Ik wenje net yn Grou en kin ek gjin Frysk. 😉 En ik moat hiel earlik sizze dat ik it feest fan Sint Piter dus ek net koe. Trochdat ik in hiel aardich kontakt oerhâlden ha mei Utjouwerij Louise (út Grou ), nei oanlieding fan in earder mienskiplik boek, bin ik frege foar dit boek.

Wat is dyn favorite tekening yn it boek?
Eins haw ik twa favorite tekeningen! De earste heart by it ferhaal ‘De kaai, de koer en de koekelor’. Sint Piter en Lytsemar dy ‘t yn de nacht it stek útrinne fan de Sint Pitertsjerke om mei-inoar de kadootsjes út te dielen. Dizze plaat hat in bytsje in magyske sfear dy ‘t ik hiel moai by it feest passen fyn. Én foar de kenner werkenber Grou. De twadde heart by it ‘Oftelrymke’. Hjir sit humor yn de yllustraasje. Dy sjochst hoopje ik pas yn twadde ynstânsje. It byldzjende ferhaal lit ek sjen dat it in byld fan dizze tiid is troch de drone yn de loft.

Hokker persoan wie it dreechst om te meitsjen?
Aldemar, dêrfoar haw ik dochs wol hiel goed nei de filmkes sjen moatten om krekt te witten wat foar in figuer dat is. Ik bin fansels gjin Grouster 😉

Ta beslút, wolst ús Sint Piterfans noch wat meijaan?
Wat in eare om in ynsjoch te nimmen yn jimme tradysje fan it Sint Piterfeest. Ik fyn it ek in hiele moaie oplossing hoe ‘t jim Aldemar omearme hawwe yn it feest.