Oer 2 nachtsjes is it safier! Sint Piter komt wer oan yn Grou.
Wy sette noch efkes alle ynformaasje om de oankomst hinne foar dy op in rige:

🕤 Fan 9.30 oere ôf is de boat te sjen fan it akwadukt fan Grou ôf. Hy fart troch it kanaal, by Paviljoen Prikmar del. Dêrnei fart er in ronde oer de Pikmar sadat elkenien genôch tiid hat om nei de Kade te kommen.

🕤Fan 9.45 oere ôf kinne de bern brocht wurde by de Hema. Wy reizgje om 10.00 oere ôf mei alle bern oan it tou rjochting de Kade. Hjir krije se in spesjaal plakje foaroan op de bernetribune.

🕤 Om 10.30 oere komme Sint Piter en Aldemar oan by de Kade. Se stappe fan board en swaaie nei elkenien. Dêrnei stapt Sint Piter op it hynder en giet tegearre mei de bern oan it tou nei it Halbertsma’s Plein.

⛔ Let op: ûnder de oankomst is de Waachshaven ôfsletten! Dit is nedich foar in feilige trochgong foar Sint Piter, Janika (syn nije hynder ), Aldemar en alle bern oan it tou. Kinst de Kade berikke fia de Haadstrjitte / Hûzebosk en de Hofsgrêft.

👨‍👧‍👦 Nei de seremoanje op it plein stapt Sint Piter op syn hynder en rinne we tegearre mei de bern in koarte rûte troch Grou.

🚩Meitsje it doarp ekstra feestlik en hingje de flagge út kommende sneon!

📺Kinst net yn Grou wêze ûnder de oankomst? Net treure, der is wer in livestream sadatst ek fan ôfstân meigenietsje kinst. Dit kin live op ús Facebook side of fia Youtube: https://youtube.com/live/LK-JtyV_bis?feature=share