Sjogge jo ek alwer út nei de Sint Piterbingo? Wy haw der alwer sin oan en binne drok dwaande mei de tariedings. Mar troch de grutte belangstelling ferline jier dogge wy it dit jier oars. De kaartferkeap fynt online plak.

De Sint Piterbingo op freed 2 febrewaris fynt plak yn de gesellige, fertroude omjouwing fan Hotel Oostergoo. It is in tradysje dy ‘t al jierrenlang bydraacht oan de feestfreugde.

Skriuw freed 12 jannewaris yn dyn aginda, want dit is de dei dat de kaartferkeap offisjeel úteinset. In unike kâns om dyn plak te reservearjen foar in jûn fol gesellichheid en kâns op geweldige prizen.

Foar € 10,- per kaartsje krijst tagong ta de bingo, it earste drankje en de earste bingokaart! Tink derom, der binne mar beheind kaartsjes beskikber, dus wês der fluch by! Op = op en oan ‘e doar kinne gjin kaartsjes mear kocht wurde.

Mis dizze kâns net om mei freonen, famylje en oare Sint Piter leafhawwers in geweldige jûn te belibjen. Wy sjogge dernei út om dy te ferwolkomjen op de Sint Piterbingo op 2 febrewaris 2024 yn Hotel Oostergoo!