Alle woansdeis stelle wy oan ‘e hân fan in tal fragen ús Mearke spilers oan jim foar. Dit kear is it de beurt oan Hendrika Vis-de Ruiter.

Hendrika, hokker rol spilest yn it Mearke?
Ik haw twa rollen. Ien as dokter, dy ‘t ‘ ûnferwachts ‘ Mathilde op ‘e wrâld set. En ik mei Armanda spylje, dit is it klasgenoatsje fan Mathilde.

Hoelang aktearrest al?
Dit is myn earste échte mearke-ûnderfining. Iets wat al in skoftke op myn ‘ wishlist ’ stie. Ik stean wol faak op it poadium, mar dan as trou-amtner. Ik fertel dan de lovestory fan it breidspear en trou it pear. Ik fyn it yn dy rol wichtiger dat it breidspear stiet ‘the shinen’ as iksels. Troch mei te spyljen yn it mearke gean ik dan ek bêst in bytsje út dy comfortzone. Echt besykje in oar te wêzen. Bêst lestich hear. Ik fyn it moai om te sjen hoe ‘t de betûfte spilers dat dogge en kin dêr in soad fan leare. En fan Wybe, de regisseur fansels. Wybe hat echt in goeie mimyk, as er dingen efkes foardocht.

Wat fynst it leukste oan dyn rol yn Mathilde?
Myn rol as dokter is best wol serieus, mar seker ek grappich. En Armanda huppelt lekker mei de klasse mei. Se falt it leafst net echt op en is super benaud foar frou Bulstronk. Mar úteinlik doart se dochs op de barrikaden stean te gean. Moaie rollen foar in ‘mearke-rookie’ ;-).

Weltse sin fynst it moaist om te sizzen yn it mearke en wêrom?
“Parsje, mefrou Wjirmhout. Parsje”. Dy Wjirmhouts fyn ik gewoanwei hilarysk. Unmaniere en fan de wrâld frjemd. As dokter fernuverje ik my dêroer. Lykas de measte oare personaazjes.

Ta beslút: wolst noch wat sizze tsjin alle Sint Piterfans?
Noch even wat promo 😊. Neist spylje yn it Sint Pitermearke bin ik ek ien fan de skriuwers fan It Grutte Sint Piter ferhaleboek dat om febrewaris hinne ferskynt. Dus ‘drok mei Sint Piter’ dit jier. Ik bin dan ek in echt Sint Piterfan.