Alle woansdeis stelle wy oan ‘e hân fan in tal fragen ien fan ús mearke spilers oan jimme foar. Dit kear is Jildou Hotsma oan bar!

Jildou, hokker rol spilest yn it mearke?
Ik spylje de rol fan mefrou Wjirmhout. Ik bin troud mei menear Wjirmhout en wy hawwe ien bern. Oh, nee! ekskuses wy ha twa bern. Ik moat der noch hieltyd oan wenne. Wy ha in soan en in dochter, Michiel en Matilde. Ik ha it goed foarelkoar. Ik sjoch der goed út, ik wenje yn in moai hûs en ik bin troud mei in súksesfol sakeman. Siz no earlijk…. Goed foarelkoar as net!?

Hoelang aktearrest al?
Oeh…. Ik aktear al hast myn hiele libben. 😉 Fanôf myn 18de mocht ik fan myn âlders meispylje by Toanielferiening Halbertsma yn Wergea. Dêr bin ik begûn. Dit is myn 3e mearke!

Wat fynst it leukste oan dyn rol yn Matilde?
Lekker ‘tokkie’. 😊

Hokker sin fynst it leukst om te sizzen ûnder it mearke en wêrom?
“Ik moat hjir it hiele húshâlden regelje! It iten rint net fansels nei de airfryer hear!” Typysk mefrou Wjirmhout. Is leaver dwaande mei hier en make-up.

Ta beslút: wolst noch wat sizze tsjin alle Sint Piterfans?
It wurdt wer in feestje!!