Alle woansdeis stelle wy oan ‘e hân fan in tal fragen ien fan ús Mearke spilers oan jimme foar. Dit kear is it de beurt oan Ties van Steen.

Ties, hokker rol spilest yn it Mearke?
Ik haw in dûbelrol; ik spylje Bram Bokkenpoat en Sergei! Bram is in jonge dy ‘t by Matilde yn ‘e klasse sit, hy fynt alles wol bêst en lit it allegearre wat gewurde. Dêrnjonken hat Bram ek altyd honger ;-). Sergei is fan de maffia, hy wurd bedondere en dêr is hy net fan tsjinne. Sergei lit it der net by sitte!

Hoe lang aktearrest al?
Dit is it twadde stik dêr ‘t ik oan mei doch. Ik ha 5 jier lyn meidien oan Gabe Skroar, hjir yn Grou. Doe spiele ik de soan fan Eeltje Halbertsma.

Wat fynst it leukste oan dyn rol yn Matilde?
De rol fan Bram fyn ik it moaiste omdat er alles wol prima fynt en dêrom in bytsje stoer docht. Dat is hiel leuk om te spyljen. De rol Sergei is krekt it tsjinoerstelde. It grutte ferskil yn dizze rollen makket it ekstra leuk.

Hokker sin fynst it leukst om te sizzen yn it Mearke en wêrom?
Ehh, ik tink dan dochs oan it wurd “ja” wannear’t Bram frege wurd oft hy noch honger hat. Yn it deistich libben wurdt my ek faak frege oft ik honger ha en dan sis ik ek ja: – D.

Ta beslút: wolst noch wat sizze tsjin alle Sint Piterfans?
Ik soe elkenien oanriede om te sjen. It is in superleuke mearkeploech en in superleuk stik foar alle leeftiden!