Ymmaterieel erfgoed
Sûnt 2018 is it Sint Piterfeest byskreaun op de Ynventaris Ymmaterieel Erfgoed. It Sint Piterfeest is sterk bewoartele yn Grou en hat in hiel lange skiednis. Lykwols is it libben erfgoed dat troch de jierren hinne mei de tiid meigien is. It aktueel hâlden en takomst jaan binne wichtige aspekten yn it boargjen fan ymmaterieel erfgoed. Dêrmei start ek in nije faze fan erfgoedsoarch, neffens de rjochtlinen fan it UNESCO Ferdrach ta beskerming fan it Ymmaterieel Kultureel Erfgoed.
Wat is ymmaterieel erfgoed en wat is de Inventaris Immaterieel Erfgoed Nederland?
Ymmaterieel erfgoed omfettet sosjale gewoanten, foarstellingen, rituelen, tradysjes, útdrukkingen, bysûndere kennis en / of feardichheden dy ’t mienskippen en groepen erkenne as in foarm fan kultureel erfgoed. In wêzentlik kenmerk is dat dit erfgoed oerdroegen wurdt fan generaasje op generaasje en fan persoan op persoan. It heart ta de basis fan in mienskip. Ymmaterieel erfgoed is dynamysk, libjend erfgoed.
It boargjen foar de takomst dogge de mienskippen en groepen sels. It Kennissintrum Ymmaterieel Erfgoed Nederlân biedt harren dêr, wêr nedich, stipe by. De Ynventaris Ymmaterieel Erfgoed Nederlân is in middel om dy mienskippen, groepen of yndividuen te helpen yn it boargjen (libben hâlden en trochjaan) fan harren ymmaterieel erfgoed. Dêrfoar kinne se har allinnich sels oanmelde.
UNESCO ferdrach
Yn 2012 ûndertekene it Nederlânske regear it UNESCO Ferdrach ta beskerming fan it Ymmaterieel Kultureel Erfgoed. De ymmaterieel erfgoedmienskippen/dragers/beoefeners fan it ymmaterieel erfgoed hawwe yn dit ferdrach in sintrale rol. It giet der net om wat erfgoedprofessionals wichtich fine, of wat fan útsûnderlike wearde of typysk Nederlânsk is. It giet derom dat der in groep minsken is dy’t him bewust en aktyf ynset om harren ymmaterieel erfgoed libben te hâlden en takomst te jaan. Sy dogge dat sels.
Foar mear ynformaasje: https://www.immaterieelerfgoed.nl/