Alle woansdeis stelle wy oan ‘e hân fan in tal fragen ien fan ús mearke spilers oan jimme foar. Dit kear is Annadora Kleiterp oan bar!

Annadora, hokker rol spilest yn it mearke?
Juf Ingel, in leave juf dy’t graach it bêste wol foar de bêrn yn har klasse.

Hoelang aktearrest al?
Al lang…! Fanôf 1999 yn fiif ferskillende stikken fan it kritetoaniel yn Grou. Twa kear ha ik meidien yn in revu en dit wurdt myn sechsde mearke wêr’t ik yn meispylje.
– 2011 -> De nije klaaister fan de kening
– 2012 -> Romke en Jeltsje
– 2013 -> Kening Wammes
– 2016 -> Katharina Katharina
– 2018 -> It lân fan neat
Dêrneist ha ik tegerearre mei Hans Nieuwenhuis twa mearkes nei it frysk oersetten (De skat fan Biddelgat en de Winterkeninginne). Foar it mearke Firolien de ferskes oersetten mei Simona en Remco.

Wat fynst it leukste oan dyn rol yn Matilde?
Dat juf Ingel sa leaf is wylst juf Bulstronk net leaf is foar de bêrn.

Hokker sin fynst it leukst om te sizzen ûnder it mearke en wêrom?
Net echt in sin mar it stikje dat ik mei de mem fan Matilda ha by har thús fyn ik leuk. De mem jout echt stomme antwurden en dat makket it grappich.

Ta beslút: wolst noch wat sizze tsjin alle Sint Piterfans?
Kom nei it mearke, it wurdt hiel leuk!!