Alle woansdeis stelle wy oan ‘e hân fan in tal fragen ien fan ús mearke spilers oan jimme foar. Dit kear is Jesse Postma oan bar!

Jesse, hokker rol spilest yn it mearke?
Ik haw de rol fan Michiel krige. Michiel is de broer fan Matilde en dé favoryt fan syn âlden. Ferstân is by him fier te sykjen…

Hoelang aktearrest al?
Ik ha ferline jier foar it earst meidien oan it mearke, en ik bin bliid dat ik dit jier wer meidwaan mei.

Wat fynst it leukste oan dyn rol yn Matilde?
Ik fyn it fantastysk om te besykjen sa dom mooglik te wêzen!

Hokker sin fynst it leukst om te sizzen ûnder it mearke en wêrom?
Efterút!!

Ta beslút: wolst noch wat sizze tsjin alle Sint Piterfans?
Ik doch myn bêst om der sa dom mooglik út te sjen, dan sjogge jim der better út! Oant yn febrewaris!!