Alle woansdeis stelle wy oan ‘e hân fan in tal fragen ien fan ús mearke spilers oan jimme foar. Dit kear is, ús lêste spiler, Klaas Kooiker oan bar!

Klaas, hokker rol spilest yn it mearke?
Ik haw twa lytse rollen: Bijleveld, it helpke fan directrice Bulstronk en ik spylje de bakker.

Hoelang aktearrest al?
Dit is myn earste kear…

Wat fynst it leukste oan dyn rol yn Matilde?
Hy is koart mar ferheftich.

Hokker sin fynst it leukst om te sizzen ûnder it mearke?
UUUuuuuuuuuuuuuuuuuu. Dat sis ik om my te melden by Bulstronk.

Ta beslút: wolst noch wat sizze tsjin alle Sint Piterfans?
Dit is myn sânde mearke en myn twadde rol. Ik haw in kear postrinner west, mar doe hie ik gjin tekst. No bin ik it helpke fan Bulstronk mei tekst en haw ik in hiele koarte rol. Dit doch ik neist myn rol as toanielmaster. Hjirby bin ik foaral efter de skermen drok dwaande. It mearke Matilde is in aardige famyljefoarstelling foar jong en âld!